Korte verhalen

‘Ferlingspanning’

Yrritant. At der ien sa stadich efter je riden bliuwt. No toetert er ek noch. Mei in binnenmûlske flok draait Sjoerd him heal om op syn fyts en kuert troch de foarrút fan de auto. Esmeralda swaait entûsjast en stjoert har hippiewein by him del. Yn it foarbygean sjocht Sjoerd dat der ien neist har sit. In donkere man.
De auto, beplakt mei blommestickers, ferdwynt út it sicht en swaait harren strjitte yn. Sjoerd komt fan `e tennisles en hat de hel yn oer alle ballen dy`t er wer mist hat. En wannear`t er op de fjouwer filla’s takomt der`t de dûbeldhûsstrjitte dearint, sjocht er dat Freark yn syn tún stiet. Dat kin der ek noch wol by.

Sjoerd sil syn oprit opfytse wylst er besiket om der mei in hânopstekken foarwei te kommen. Mar Freark rint beret op him ta: ‘Hast it sjoen? Hy is der al in pear dagen! Ast my fregest hat sy him út it AZC plôke.’

Neidat buorfrou Esmeralda it jok fan har man in pear wiken nei syn ferstjerren fan har skouders ôfglide liet, bloeide se hielendal op. Se ferve har hier, mei blauwe streken deryn, stifte har lippen knalread en sette harsels as frijwilliger oan it helpen fan flechtlingen. En se fersierde har Fiat.
Neffens Freark fersierde se dus ek in farske, fierste jonge fint. ‘Ik jou it dy mei,’ beart er, ‘hjir manifestearret him de migraasjekrisis! En it linkse gefaar leit se neat yn `e wei, nee, sy wurde justjes yn hûs helle, nareis op nareis ensafierder.’

Yn de wiken dy`t folgje breidet it rabjen him stadichoan út. Sjoerd hat de ‘Erobier’ sa’t Esmelda’s gast rillegau neamd wurdt, alris fan tichteby sjoen, wannear`t dy op har fyts steatlik troch de strjitte fytst. Hy sil it nea hurdop sizze mar it spilet wol yn syn tinzen: de keardel soe sa mar in terrorist wêze kinne. Tsjokke wynbrauwen, in swart burd en in knotsje boppe op de holle. En hy rint op slippers, de swarte hierren op syn tiennen as eachlûkers. Klaske, Sjoerds frou, sprekt ek skande fan dizze tafrielen; en sy koe eartiids hiel goed mei Esmeralda.

Sjoerd sit efter de tiisdeiskrante at der oanbelle wurdt.
Hy skrikt him it lazarus at er de doar iependocht en de grauwe keardel foar him stiet. Syn earste gedachte is dat er wol in mes ofsa by him hawwe kin; Sjoerd kin gjin wurd útbringe. De Arabier wiist op syn eigen boarst, seit wat ûnfersteanbers en gniist syn wite tosken bleat. ‘I am a Kurd.’
‘Aai Sjoerd,’ laket Sjoerd fan de senuwen skel, en is fuort bang dat syn laitsjen ferkeard útlein wurde kin. Dy fint kin samar tinke dat er him de gek oanstekt.
‘Do you have a cable for me?’
‘Kébel?’
‘Yes please, I ruined the cable with the mower.’
Rûne kébel… wêr hat er it oer ?
De jonge knikt.
Dan krinkt it troch, hy moat in ferlingsnoer! En dy wol er liene? Sadat er dêr ek oerhinne rauze kin? Esmeralda hat him grif oan it meanen set. Sjoerd siket spand nei in oplossing, sy is oan it wurk, dat wit er. Hy wol sa gau mooglik fan dizze grizel ôf. Okee, nei de skuorre efter hûs. Mar net binnentroch!
‘You kom,’ wiist er en rint op syn toffels oer it grintpaad foarlâns om hûs hinne, troch de garaazje, it gefaar efter him negearjend.
‘You weet hier.’ Hy rommelt yn it hok, yn himsels flokkend dat er net wat trochtaastender is. Hy klaut in snoer fan de muorre en, wer bûten, triuwt it yn de hannen fan syn besiker.

Wannear`t de fint ôfset is en Sjoerd de hoksdoar op slot dwaan sil, sjocht er dat er it ferkearde snoer meijûn hat. It nije swarte snoer hinget der noch en dy oranje, der`t in stik tried fan bleatleit, sit no oan de meanmasine fan Esmeralda. O, godskes! Wat moat er no? Ta syn gerêststelling heart Sjoerd foar hûs it lûd fan in meaner. Hy kin him net sjen, fanwegen de mânske laurierhage fan Freark. Wie dat mar in buxushage, tinkt Sjoerd faak, dan wie it spul no kroandea. En Freark jammert al oer syn útsjoch at de besite fan de buorlju in auto foar syn ruten parkeart.
Sjoerd harket nochris… gjin noed, hy heart noch altyd it leven fan de meaner.

Werom yn de keamer kin er syn oandacht net by de krante hâlde. Wat no as dy jonge it snoer fêstkrijt? Hy kin samar elektrokutearre wurde! Dan kin him, Sjoerd, wol moard of deaslach oanwreaun wurde. Hy wurdt der kjel fan. Om wis te wêzen rint er wer nei bûten. Hy beslút om dochs mar it oare snoer te bringen. Gewoan dwaan, skitert!
Mar ynienen is it stil. Izich stil. Dan opponearret him in klyster, in hast lilke ridel. Dernei is it wer stil en dat giet Sjoerd kâld oer de lea. Hy is derôf en skeuvelet de keamer wer yn, ploft yn syn stoel, stiet wer op en luorket troch de ruten.

Eefkes letter rydt der ta syn ferbjustering in ambulânse troch de strjitte. Hat Freark dy belle?

Yn de dagen dy`t folgje is Sjoerd folslein oerémis. Stom sit er skoftenlang yn syn stoel en stoarret troch de ruten. Hy ferwachtet elk momint de plysje oan de doar.
Under it jûnsiten wurdt der oanbelle. Mei it hert yn `e kiel kiert er de doar iepen en oanskôget Esmeralda mei har knalread stifte lippen.
‘Soe dizze fan dy wêze kinne?’ en se hâldt it skansearre ferlingsnoer foar syn noas. ‘Dy sleauwe Erdem is der oer stroffele en bruts syn middenfoetsbonkje.’
Sjoerd suchtet ta syn tiennen en stammert:‘… is er al út it sikehûs?’
‘Sikehûs? Nee, ik sei dat er de dokterswacht belje moast. Myn freondinne, syn mem, hie my al warskôge foar syn ûnhânsumens.’
‘En dy ambu dan?’
‘De húsdokterstaksy, bedoelst? Nee juh, hy is alwer thús yn Switserlân. Hy hat alles regele, dat moat ik him meijaan; takom jier komt er hjir te stúdearjen.’

Dit verhaal stond op 13 juli 2024 in de Leeuwarder Courant. De illustratie is van Peter Boersma.